In moaie Fryske jûn, dat wie Grûn!

Dizze kear in ferslach yn ’t Frysk om’t wy freed 6 novimber 2015 mei de kommersjele klub in útstapke makke hawwe nei De Lawei, yn Drachten, foar in 4 oeren duorjende foarstelling fan Tryater. It stik Grûn, in famyljekronyk ta eare fan it 50-jierrich jubileum en skreaun troch artistyk direkteur Ira Judkovskaja, fertelt it ferhaal fan trije generaasje oer 50 jier.

CCNWF Grûn Tryater

It útstapke wie dizze kear mei de bus, alteast as leden dat woene fansels want se koene ek mei eigen ferfier gean. Yn Drachten hjitte in meiwurkster fan Tryater uús persoanlik wolkom en  begeliede ús de hiele jûn. Nei in drankje en in hearlik miel gongen wy om 19:30 oere de seal yn foar it earste part. Wy kamen mei mar leafst 17 personaazjes yn ‘e kunde, ûntdutsen hoe de ferhâldingen leine tusken famyljes – as jo Roomsk of herfoarme binne, en hoe leafde net past tusken minsken fan ferskate religys. Yn diel 2 waard der in jierdei fierd en seagen wy dat ‘spacecake’ en drank ta hilaryske tafrielen liede. Tige snoad waar dêrby it dekôr brûkt. Yn it lêste part liet it selskip fan Tryater ús sjen hoe betreklik it libben eins is… en doe wie it al hast midsnacht.

Der waard spile yn de grutte seal fan de skitterjende ferboude Lawei, wêr’t it dekôr omtsjoend wie ta in universum fan swevende planeten en in grutte rûndraaiende skiif, mei dêrop grûn dat yn fuorgen ploege wie. Miskien wol aardich om efkes te neamen is dat foar wa’t gjin Frysk ferstie (yn elk gefal twa leden) der earkes mei in Nederlânske oersetting beskikber wiene. Moai dat dy mooglikheid der wie!

Yn it skoft (twa kear) en oan it ein fan de foarstelling stie drinken en wat lekkere hapkes foar ús klear en dat wie tige nei it sin. Om 1:00 oere nachts ride de bus it parkearplak yn Frjentsjer wêr op. Al mei in al in tige slagge arranzjemint fan Tryater yn gearwurking mei De Lawei en Dalstra Busreizen.

We sjogge wêrom op in moaie Fryske jûn.

Liever het verslag in het Nederlands lezen? Klik dan hier.

Mear oer Grûn op de hiemside fan Tryater. Hjirûnder de foto’s fan it útstapke.

Deel deze paginaShare on Facebook
Facebook
Tweet about this on Twitter
Twitter
Share on LinkedIn
Linkedin